It konsert fan de groep “Irolt” op sneintemiddei 17 jannewaris 2016 yn De Gekroonde Roskam wie binnen de koartste kearen útferkocht. Om dy reden is dan ek besletten om in ekstra konsert yn Wytmarsum te jaan.

Dit ekstra konsert fynt ek op sein 17 janiaris plak fine en begjint de jûns om 20.00 oere yn De Gekroonde Roskam. De kaartsjes kostje yn de foarferkeap € 10,–. Oan de seal kostje se € 12,50. Foar wa’t der noch hinne wol, kin dat no noch, mar wachtsje net te lang, want it 2de konsert rint al aardich fol. En fol = fol en mear konserten komme der echt net.

Kaarten kinne jimme yn de foarferkeap bestelle fia de mail: anne.popma@ziggo.nl