CATRINUS WERKHOVEN

Catrinus Werkhoven (1884 – 1959; Wytmarsum) waard, as soan fan in winkelman, yn Wytmarsum berne. Al op jonge leeftyd learde hy him de feardigens fan it keatsen oan. Yn ‘e keatsersbuert waard bij de tsjerke it stjoeren fan de bal Beoefene. Dat moast dêr ek wol, want in bal in bytsje út de koers rekke kaam dy tsjin de ruten oan, mei alle gefolgen datoangeande. Mei oare keatspommeranten, lykas Rein Zaagmans, Jan Kuperus en Sytze Kooistra lei hy him ta op de opslach en it útslaan, jûn yn, jûn út. Syn mem wie der net sa foar dat Catrinus it keatsspul beoefene. Hy like net sa sterk, wie lang en seach der bleek út. Dochs soe Catrinus I, sa as hy ek wol neamd waard, ien fan de alderbêste keatsers wurde. Sa wûn  hy fjour kear de PC en seis kear it Nederlânsk oenskip foar senioren. Yn 1903 waard hy by dizze lêste wedstriid útroppen ta kening. Hy behearske alle fasetten fan it keatsspul, wie in poerbêste útslagger, in treflik spullieder en in taktikus fan formaat. Ek op ynternasjonale wedstriden wie Werkhoven in spiler fan kaliber. Sa wûn hy ûnder oaren in medalje fan kening Leopold fan België, fan keninginne Wilhelmina en fan prins Hendrik. Yn 1913 kaam der op in wiete en kâlde hjerstdei in ein oan syn formidabele útslach. By in ûnderlinge keatspartij yn Skingen

fersloech hy syn skouder. Hy soe nea wer de âlde wurde en kaam dêrnei as opslagger ûnregelmjittich op keatswedstriden út. Nei syn aktyve keatskarriêre waard hy skiedsrjochter, wêrby hy de wedstriden op rêstige en bitûfte wize liede. Yn de Twadde Wrâldkriich, yn novimber 1943, waard Werkhoven troch de besetter ta boargemaster fan Wûnseradiel beneamd. By syn ferstjerren yn september 1959 kamen ferskate âld-keatsers, bestjoerders en oare persoanlikheden harren dielnimming betsjûgjen.

Werkhoven waard Kening op de PC yn: 1909 en 1910. Totaal hat er 16 kear meidien oan de PC

Bron: PC Franeker