Yn it tillefoanboek 2004-2005 sil grif de namme Deinum net mear foarkomme wat Wytmarsum oangiet. Of it moast al wêze dat wy ferjitte om T.Deinum-Rusticus útskriuwe te litten. Se ferstoar op Himelfeartsdei 2003 op de hege leeftyd fan 97 jier. Se hie lang mei Wieger Deinum op ´Lyts Sybolsma´ wenne, no it stee fan Age en Marijke Brandsma. Letter wenne se allinne oan de Hertekampsreed en doe´t dat net mear koe yn fersoargingshûs Aylvastate. Se wie de lêste fan in generaasje Deinum en Rusticus. De namme Rusticus heart by Lollum en de keatser Hotze Rusticus neamde har lykas wy ek diene : tante Tine.

Har man Wieger wie ien fan de tsien bern dy´t Jacob Hendriks Deinum 4-8-1865 – 22-6-1946 en Jiskjen Tjallings Sieswerda van 21-11-1864 – 24-2-1949 krigen hiene. Tjalling, ien fan de tsien, emigrearde yn 1927 nei Kanada. De oare njoggen bleane binnen de lânsgrinzen. Wy geane se noch even nei. Hindrik 1888-1914 wie de âldste mar hy waard net âldst. Hy ferdronk yn Parregea doe´t er mei stoarmwaar op jûntiid fan de kant fan Warkum kaam. Syn karbidlampe die it net en hy socht help by de fytsmakker oan de feart. Syn soldate´cape´ fleach him wilens oer de holle en mei fyts en al rekke hy te wetter. Hy ferdronk en waard mar 26 jier âld. In earder broerke Tjalling wie mar ien jier âld wurden. Durk 1900-1918 wie de 7de yn de rige en ek him trof it needlot. Hy stoar oan de ´Spaanske gryp´ doe´t er hast 19 jier wurde soe. Doe hiene pake en beppe trije bern op it tsjerkhôf en wiene se sa oanslein dat it oargel op Sybolsma twa jier lang net bespile waard.

Fan de trije dochters wie ús mem Jantje 1891-1956 de âldste. Mei Sybren Bakker yn Penjum krige se seis bern. Fan dy seis krige ik, as neikommer,(1928) de nammen Hindrik en Durk mei as oantinken oan de jong ferstoarne omkes. Siementje 1892-1980 troude mei plysjeman Jelmer Boonstra. Hy wie de broer fan de bekende Wytmarsumer post: Pyt Boonstra. Riemke 1898-1991 waard de frou fan Hendrik Haitsma (ek omke fan de Haitsma´s fan no yn Wytmarsum). Hy wie yn´e oarloch gemeentesiktaris fan Boalsert en hie bannen mei it ´ferset´. Dat koste him nei syn arrestaasje it libben yn Dútslân. In bysûnder oantinken oan him is de strjitte yn Boalsert dy´t syn namme draacht : Secr. Haitsmalaan. Wy wenje hast al 16 jier op nûmer 24.

Noch trije broers wiene der en dy bleaune Wytmarsum aardich trou. Bouke 1906-1979 , de jongste, wie in hannelsman en in bekende namme by graanhannel Algra & Ypey. Douwe 1904-1992 waard gemeentesiktaris fan Wûnseradiel. Nei syn 65ste wie er noch p.r.-man by ´Aldfaars Erf´ en hâlde er sprekbeurten oer û.o. de bruorren Halbertsma. Oan doarpskrante ´De Koepel´ joech er in eigen styl dy´t noch neiklinkt yn de rubryk: ´ Fjirtich jier ferlyn´. Wieger 1901-1984 bleau it langst op ´Lyts Sybolsma´ . Hy wie in man fan gjin frjemdichheden en gjin nijichheden, sawol op´e pleats as yn tsjerke. Mei dizze minsken gong in generaasje hinne dy´t linich omgong mei it wurd en feardich wie mei de pinne. No´t tante Tine der ek net mear is, is yn Wytmarsum fan dizze takke fan de famylje Deinum net ien mear oer (en de neiteam is ferhuze). Wol fan de takke fan pake Jacob syn broer Gerben Deinum 1872-1961. Freegje it mar oan Klas Steiginga-Deinum fan it Oastein. As oantinken oan in dochs wol bysûndere famylje is dit skreaun troch

 

Hindrik Durk Bakker te Boalsert.