HOBBE SMITH

Wytmarsum 1862 – Amsterdam 1942 Hobbe Smit(h) waard yn 1862 yn Wytmarsum berne as soan fan Thomas Smith (hússkilder yn Wytmarsum en berne yn Harns) en Katarina de Hey (húsfrou en berne yn Ljouwert). Yn 1875 luts Hobbe nei Amsterdam om by in stiendrukker n de lear te gean. Troch in kollega kaam hy yn de kunde mei Johan Brakensiek dy’t him tekenles joech Nei in moeting mei de direkteur fan it Ryksprintenkabinet, mr. A.D. de Vries, dy t hy in mei ferve fan syn heit makke kopy fan de bolle fan Potter oanbiede woe, die bliken dat dizze ree wie de kosten fan de fierdere oplieding fan Hobbe Smith foar syn rekken te nimmen. Foar fl 15,– per jier koe hy lessen folgje oan de Quelliniusschool. Nei 2 jier liet Hobbe him ynskriuwe by de Ryksakademy. En wer betelle De Vries de kosten, dy’t no fl 100,– wiene. Doe t i pear jier letter in keninklike subsydzje takend waard, koe hy ridlik ûnbesoarge fierder studeare. Oan de akademy yn Antwerpen makke hy syn stúdzje of. Arthur Briet en Eduard Frankfort wiene dêr syn kollega learlingen.

It beskieden aard fan Hobbe wie in behinderjende faktor om troch te dringe yn de keunsthannel. Pasnei in eksposysje yn 1902 yn Den Haach, dy’t folslein oan syn wurk wijt wie, waard er ferneamd.It wurk fan Smith wie fan in grut ferskaat. Hy skildere, tekene en etste see-, rivier- en stedsgesichten, lânskippen, blommen, binnenhúzen, skippen, molens, soldaten- en histoarje stikken, stillibbens en portretten.Hij wie lid fan “Arti et Amicitiea” in Amsterdam en fan “Pulchri Studio” yn Den Haach. Hobbe Smith

wenne en wurke fanôf 1875 yn Amsterdam en ferstoar dêr op 1 maaie 1942.