JAN BRUINSMA

De measten fan jimme sil de namme Jan Bruinsma, berne op 10 maart 1868 yn Wytmarsum, net safolle sizze. My sei dizze namme earlik sein ek net safolle, oant ik it boek ‘Oer alles – skiednis en ûntjouwing fan it Frysk damjen’ fan Hiele Walinga ûnder eagen krige

Jan Bruinsma, hikke en tein yn Wytmarsum, sette syn karjêre útein as skuonmakker en gong troch as in betûft fakman. Hy en syn frou krigen ien dochter dy’t de namme Grietje krige.

Lykwols sloech it needlot ta, want it pân dêr er syn skuonmakkerij yn hie baarnde folslein of. Syn skuonmakkerij wie er foargoed kwyt en sa rekke er oan it wurk yn de suvelfabryk fan Wytmarsum.

Mar boppesteande feiten makken Bruinsma net sa bysûnder as er is, dat wie it gefal mei it damjen en dan mei namme it Frysk damjen. Hy reizge in protte wedstriden of. Yn dy tiid hie amper in Minsk in auto en boppedat koe Bruinsma net fytse. Syn maat Jan van der Zee, dy’t ek op it fabryk wurke, helle him dêrom gauris mei de fyts earne wei. Yn fryslân waard Jan Bruinsma in topdammer neamt en de direkteur fan it suvelfabryk wie wakker mei Bruinsma op it skik. Sels sa dat doe’t der in wedstriid yn Leek (by Grins) hy oanbean om Bruinsma dêr hinne te bringen yn syn auto. Men soe sizze kinne, ien fan de earste foarmen fan sportsponsoring.

As men Bruinsma frege hoe’t it dochs kaam dat er sa goed damje koe wie syn fêste antwurd: “As bern hie ik gjin boartersguod, inkeld in damboerd en dêr fermakke ik my dan mar wat mei”.

En dat die fertúten, want net allinne yn Wytmarsum en omkriten stie er heech oanskreaun as dammer, mar ek fier dêrbûten, wat bliken docht út dit sitaat út de Bildtsche Courant fan 16 jannewaris 1913: “…. Als één van de eerste damspelers uit de provincie mag zeker genoemd worden de heer Jan Bruinsma, in 1868 te Witmarsum geboren. Zijn scherpzinnigheid in het damspel bleek reeds in 1880 te Bolsward, toen hij als 12 jarige knaap spelers van naam met gemak wist te overtreffen …… Op 20 jarige leeftijd ging hij zich in Bolsward weer meten met de beste spelers. Meerdere malen behaalde hij de eerste prijs, namenlijk in 1888, 1889, 1903, 1994, 1905 en 1906……”

Damklup ‘Jan Bruinsma’ yn kafé Hoite Bruinsma (no Ruurd Menage) yn 1936: fan links nei rjochts: Auke Buwalda, Libbe Hoogeveen, Jan Blanksma(sr), Klaas Bruinsma en efter dizze fjouwer manlju stiet Teade Zijlstra. Rjochtrs fan de tafel sitte Jan v.d. Zee, Willem Zaagemans, Rients de Boer, Jan Bruinsma (mei bleate holle) en Anne Zijlstra. Efter harren Jan Bruinsma, Anne en Hoite Bruinsma (kastleins)

Twa jier earder as it boppesteande artikel ferskynde it boekje ‘Diverse dambordspelen’ troch F.C. Hemmes fan Grins. Yn it boekje wurdt ek omtinken jûn oan de ‘Spaansch-Poolse speelwijze of Friesch dammen’. Nijsgjirrich is net allinnich it feit dat Bruinsma hjir oan meiwurke hat, mar troch de korrespondinsje mei Hemmes ek it notearjen yn’e macht krige. Op dy wize koen der in útwikseling komme oer it Frysk dammen dêr Hemes foar syn boek sa’n ferlet fan hie.

In soad damleafhawwers fregen har yn 1913 ôf wa’t no eins de sterkste dammer fan Fryslân wie: Jurjen Tolsma fan Sint Jabik of Jan Bruinsma fan Wytmarsum. Om dêr efter te kommen waar der in wedstriid, dy’t út fiif partijen bestie, organiseare yn Frjentsjer yn kafee Poppes op 5 febrewaris 1913. Der wie in soad belangstelling, mar der kaam gjin winner út de bus, want de beide mannen wûnen beide twa kear en de leste partij wie remize.

Mar dochs soe Jan Bruinsma ea dy heechste eare gean opstriken. En net ien kear, mar mar leafste trije kear, nammentlik yn 1931, 1932 en 1933. Hjirby falt op dat Bruinsma syn grutste suksessen behelle nei syn 60ste libbensjier.

Jan Bruinsma wie in stille, ynbannige persoanlikheid. Hy koe oeren oer it damboerd sitte sûnder ek mar wat te sizzen. Mei om dy reden skytskoarren oaren faakris tsjin in wedstriid tsjin Bruinsma oan, seker as men sels went wie graach te praten. Nee, Bruinsma wie in posysjespiler, altiid like kalm en hoeden.

Nei in koart skoft fan siikwêzen ferstoar Jan Bruinsma op 12 jannewaris 1937.