Jan Kuperus

Jan Kuperus (1875 – 1962 Wytmarsum) waard yn Arum berne en groeide yn Marsum op. Foar de keatsferiening ‘Foarút’ út dit doarp wûn hy yn 1900 it Nederlânsk kampioenskip foar senioren en waard hjirby ek ta kening útroppen. Twa jier letter fêstigde hy him as kastlein yn Wytmarsum. Ek foar de keatsferiening ‘Pim Mulier’ wie hy yn de jierren 1903 en 1904 súksesfol op it NK troch mei de oerwinning nei hûs ta te gean. Kuperus wie, njonken in poerbêste efteryse en opslagger, in treflik koartebaanrider. It wie dan ek bysûnder tryst foar him doe’t hy yn‘e winter fan 1902-1903, weromkommend fan in reedriidwedstriid, yn in wek ried. Hy krige longûntstekking, rekke slim ferswakke en soe dêrtroch syn âlde keatspeil nea wer berikke. Waard yn 1901, 1902 ta Kening útroppen op de PC dêr’t er 17 kear oan mei dien hat.

Bron: PC Franeker