In soad ynwenners, dy’t tusken tusken Kat en Harke wenje, ha it tige drok. Is it net oan it meiwurkjen fan it ien as oare festyn, dan wol mei it besykjen dêrfan.

As men ris bûten de doar sjen wol, dan kin men yn Wytmarsum te kust en te keur. De leden fan de ferskate ferienings yn ús doarp sette harren foar 100 persint yn foar harren leden,donateurs en belangstellenden.

Lit ús mar ris begjinne mei DE IJSVERENIGING. Dizze feriening bestiet 27 desimber 2014 op de kop ôf 150 jier. Dat is al in hiel hoart. Yn Amsterdam is yn datselde jier ek sa’n feriening oprjochte. Wy dogge hjir net foar de haadstêd fan ús lân ûnder. Wy kinne ús yn Fryslân sels wol tige goed rêde. As ik myn ear goed te lústerjen lein ha, hienen de bestjoersleden it doedestiids yn in winterskoft tige drok mei it organisearjen fan ferskate hurdriderijen. De prizen wienen tige wichtich. Yn in strange winter wie der ferlet fan brea mei spek. Spekriderijen brochten fleis op’e tafel en waarmte yn it liif. Der wie dêrom in soad flecht op’e koai nei dizze riderijen. Doedestiids krige men mei Sinteklaas gauris in pear redens as kado. Eltse winter wie der wol iis om efkes op te riden. En hiere by de famylje van der Goot wie doe ek noch net oan‘e oarder. Spitich genôch feroaret ús klimaat en krije wy mear iepen winters. Men is net mear wis fan iis yn it winterskoft. Net elts jier hoecht it bestjoer fan de iisferiening yn it spier te kommen om foar harren leden in riderij te organisearjen. Skoalbern geane no nei de iishal yn Ljouwert ta om riden te learen of om it te ûnderhâlden.

Op harren resepsje de middeis hat Gerda van Popta in ferslach jûn fan de ôfrûne 150 jier.

Soks is altyd tige nijsgjirrich om nei te harkjen en sa in byld te foarmen oer hoe’t it der eartiids om en ta gie. Yn de rin fan de jierren is it skuorke by de iisbaan in skuorre wurden mei no ek romte om it ark yn op te bergjen.

Jûns is der in drok besochte revu mei sketskes en ferskes. Freddy Reijenga hat by it ta stân kommen hjirfan in grutte rol spile. Wy waanden ús efkes yn’e winkel fan de famylje van der Goot. Wat ha sy it drok yn de tiid mei iis yn’e fearten. Neat is harren tefolle. Sy binne noch tige by de pinken. Hulde foar dit echtpear! Bestjoer, lokwinske mei dit heuchlike barren! Jimme ha ús in moaie middei/ jûn besoarge. Wy hoopje dat jimme dizze winter noch yn it spier komme kinne. Jimme ha dêr sin oan en ferskate Wytmarsumers ek.

It nije jier set ek al wer flitsend útein mei op 11 jannewaris in Pubquiz yn De Gekroonde Roskam. Der is in grut tal dielnimmers dat harren opjout foar de kwis. De fragen binne tige nijsgjirrich en behannelje in ferskaat fan ûnderwerpen. Sa is dizze kwis geskikt foar eltsenien. Ek dit is wer in slagge middei.

Klunen is yn Wytmarsum by eltsenien in bekend ferskynsel. Eltse alvestêdetocht wer moast der klúnd wurde by de Fabryksbrêge. Dêr is troch it opheegjen fan de brêge in ein oan kaam. Lit ús hoopje dat dit net jildt foar de alvestêdetocht. Wy sjogge noch altyd út nei in stringe winter mei tige sterk iis. Dat is noch efkes ôfwachtsjen. Dit is net fan tapassing wat it klunen oanbelanget. Op 24 jannewaris kin men meidwaan oan in klúnfeest.  Men kin rinnendewei it doarp troch nei ferskate eveneminten. Rûnom yn ús Koepeldoarp kin men dan ek efkes lins hâlde en derby genietsje fan ferhalen, sjongen ensafuorthinne. In hiel spektakel mei ek noch priuwen fan winterske kost: in lekkere panne snert. Frou Hielkje Koopmans-Geertsma [de âldste dielnimster] docht mei oare Wytmarsumers mei om de earste priis te winnen fan it sieren fan de lekkerste snert. Reitse Spanninga, ús betûfte kok,  is priuwer by dit spektakel. Jan Cats treft it mar mei syn Gryt. Sy hat neffens de sjuery de lekkerste snert sean. Wy kinne thús wol kofje drinke en dan mar nei Gryt te snert iten. As der sterk iis komt en der is in kreamke by de brêge mei snert, dan… Lokwinske mei dizze priis en wy wite: by Gryt Cats kin men lekker snert ite.

Elts jier wer is der yn’e simmer in saneamd maisdoalhôf by de famylje Tolsma. It ôfrûne jier al wer foar de 15e kear. Leanbedriuw Westra út Arum en foeraazjehannel S. De Vries siedzje en rispje it mais belangeleas op it stikje boulân, fergees beskikber steld troch ierappelhannel  Tolsma. De opbringst fan sawol de maisferkeap as ek it totale yntreejild binne oerlange oan de Ronald McDonald bernepleats yn Beetstersweach.  Bern mei in beheining kinne hjir mei harren âlders op fakânsje. Âlders kinne hjir ek oernachtsje as harren bern oan it revalidearjen is yn it sintrum neist dizze pleats. It bedrach is dit jier  €2250 en dat is  €600 heger as yn 2013. Hulde oan alle minsken, dy’t op hokker wize dan ek meiwurke ha om dit grutte bedrach byinoar te krijen.

Yn ús koepeldoarp wennet ek in ferneamd man. Wie eartiids de winkel fan Ruerd en Betty Menage bekend yn de omkriten fan Wytmarsum, harren soan stiget hjir fier boppe út. Syn namme komt op de lanlike televyzje yn  byld. Hy is de betinker fan in nij televyzjeprogramma: “KampeerTV”. 12 wiken lang is dit programma op snein te sjen op RTL4. Eltse wike is der in presintaasje fan in kamping yn ús eigen- of it bûtenlân. Want ús wrâldreizger MARCO MENAGE wit út eigen erfaring dat it genietsjen is om op sa’n plak  fakânsje te hâlden. Wiidweidich wurdt der ek oandacht skonken oan nije en brûkte kampers. Yn it WTC EXPO fan Ljouwert hat ek in show west fan karavans en kampers. Kampearjen wurdt hieltyd wer  populêrder en nei ferwachting sille der yn it jier 2016 sa’n 100.000 kampearauto’s yn Nederlân wêze. As men nei dit programma sjocht mei bylden fan in prachtige natuer tichteby en fierder fuort, laket sa’n fakânsje jo oan. Marco, wy winskje dy sukses ta mei dyn fierdere karriêre, wat faaks  mei reizgjen  te meitsjen ha sil.

It is net allinne mar feest yn Wytmarsum. Der is ek fertriet. Nei in koart, slim siik wêzen is op 21 jannewaris yn de âldens fan 82 jier tige hommels ferstoarn AUKJE REIJENGA-POORTSTRA. Sûnt 22 septimber 2000 wie sy widdofrou fan Pieter Reijenga. Sy hienen in ferhúsbedriuw oan de van Aylvawei. Letter hat soan Siebren dat oernaam en ha sy harren nei wenjen set tsjinoer de rabobank. De lêste 4 jier wenne sy op De Krânse. Dêr hat sy it tige nei it sin hân. Sy koe genietsje fan de natuer om har hinne. Fan bisten en planten wist sy it soart te beneamen. De senioaren kamen as buertegenoaten byelkoar en hienen it dan tige gesellich.  As it koe die sy eltse dei efkes in loopke nei Poiesz. Ûnderweis moete sy faak oare minsken en makke dan gauris in praatsje mei harren. Yn it lêst slagge dat somtiden net mear dageliks. Dan hie sy in minne dei mei pine en wurgens. Sy sil mist wurde yn it doarp. Mei har famylje gie sy graach op fakânsje. Entûsjast koe sy dêr letter oer fertelle. Mei jeu de boules wie sy in duchtige tsjinstanster yn it spul. Troch it ferstjerren fan dizze leave mem, beppe en oerbeppe is der ek in ein kaam oan it âlderlik hûs. It sil tige dreech wêze om dit grutte ferlies in plakje te jaan. Wy winskje jimme as famylje in protte sterkte ta om dit gemis te ferwurkjen.

Oant de oare kear,

Jelly.