A: Tsjerkelân 38 8748 BJ Wytmarsum | T: 0517-531205 | E: redactie@dekoepel.frl

APRIL 2015

Op ’t heden bloeie yn ús tún blommen dy ’t oare jierren troch froast en kjeld der fertutearze by stienen. Sa fertelt de fleurige anemoan my hjir dat tusken KAT en HARKE de winter definityf foarby is. Fris grien rinne de beammen wer út, hynsteblommen en bûtergieltsjes kleurje greiden giel en ek de bouboer nimt súntsjes wei oan syn ark wer op. De maitiid: nij begjin fan ûntjouwing.

Dit nije begjin fan ûntjouwing, dêroan wol de redaksje fan ’e Koepel him spegelje. De ôfrûne wintermoannen hawwe wy as redaksje mei help fan Gerke Terpstra ferskate kearen by inoar west om de koers fan ’e Koepel by te stellen. De needoprop om jild yn de Koepel fan maaie 2014 hat positive lûden klinke litten en de kas spekke. In protte minsken hawwe doe “De Koepel” stipe en mei dêrtroch hawwe wy wat earmslach krigen. Ek de ôfrûne moannen krigen wy fan meastentiids ús fêste stipers wer in bedrach byskreaun op ús rekken. Minsken, dat is geweldich! Nochris tige tank derfoar.

Dochs liket it ús ta, dat in boarne fan fêste ynkomsten foar “De Koepel” goed wêze soe. Dat de ponghâlder gjin noed hoecht te hawwen oer it beteljen fan de printkosten.

Op ús wintergearkomsten hawwe wy meardere opsjes oerwage en binne ta de slotsom kommen om de “Freonen fan De Koepel” yn it libben te roppen. Yn dizze april-Koepel fine jimme mear ynformaasje hjiroer. Wy hoopje dat bûten de fêste stipers ek oare doarpsgenoaten en lêzers genegen binne “De Koepel” in waarm hert ta te dragen.

Wy wolle elkenien, dy ’t ree is ús te stypjen it maklik meitsje. Wy witte dat in donaasje gau fergetten wurde kin yn alle drokte fan ús jachtich libben. Dêrom sille wy fia e-mail jo jierliks freegje de taseine donaasje nei de rekken fan “De Koepel” oer te meitsjen. Op de antwurdkaart yn de flyer kinne jo it ien en oar oanjaan.

Ien fan ús sutelers e/o redaksje komt de antwurdkaart út dizze Koepel yn de wike fan 13 oant 17 april by jo opheljen. Ek sille de redaksjeleden op syk nei nije advertearders. Sa ’t jimme hjirby lêze kinne, meitsje wy as redaksje der wurk fan it besteans­rjocht fan “De Koepel” te fergrutsjen. Mear kinne wy net dwaan.

En dêrby hoopje wy fansels op jo stipe!!!

Mei in bliid berjocht set ik it doarpsnijs útein. Want okkerdeis dûnsen oan ’e gevel fan de Bewaarskoalstrjitte nr. 2 rôze en blauwe ballonnen op ’e wyn. In berte-feest! Op 23 febrewaris hat Daphne namlik in broerke en in suske krigen. THOMAS en ANIEK binne de nammen dy’t de lytse poppen meikrije op har libbenspaad en de grutske heit en mem binne Christian van der Werff en Marleen Pennewaard. Fan herte lokwinske mei jimme berntsjes en dat sy yn sûnens opgroeie meie.

En al binne wy wiis mei de ûntjouwing yn de natuer, de minsken dy ‘t ôfskie nimme moatte fan in neiste sille dat faaks minder acht slaan.

Ûnferwachts is ferstoarn ROELOF WATERLANDER.

Roel, sa ’t wy him neamden, waard berne op 6 febrewaris 1927 te Surch en groeit dêr op ta jongfeint. Fereale wurdt hy as er mei Sijtske Braaksma yn ’e kunde komt. Lokkich fine syn gefoelens wjerklank by har. It jonge stel trout en set har yn Surch nei wenjen, dêr ‘t Roel tsiismakker is op it fabryk. Ek Stompetoren en Terkaple ha sy as wenplak hân. Oan de Penjumerstrjitte yn Wytmarsum fine sy úteinlik har echte thús en wenje dêr jierrenlang nei folle tefredenheid. Twa berntsjes krije sy: Aagje en Henk. Muzikaal, kreatyf (toaniel en kabaret) en warber sa kinne wy de húshâlding fan Roel en Sytske omskriuwe.Troch de wike fertsjinne Roel de kost as tsiismakker en yn letter jierren as fersekeringsagint. Yn ’e wykeinen wie it echtpear faak yn Surch te finen om te hânlangjen yn it hotel/restaurant fan Roel’s susters. Oant op hege leeftyd hat Roel soarge dat De Koepel alle moannen op ’e tiid by de lêzers op ’e matte foel. En wat hat er gauris de rit fytst nei de râne fan it Flietsterbosk om dêr in noflik oerke by te praten mei leeftydsgenoaten. Op it bankje, mei it sicht oer de landerijen, nijtsjes útwikselje oer aldendei. De lêste tiid wie it wenplak fan it echtpear in oanleunwente by Aylva State. Sechtich jier by inoar, lok en fertriet diele kinnen en dan komt op 27 febrewaris de ein oan Roel syn libben, 88 jier âld. Wy winskje frou Waterlander, bern en bernsbern sterkte ta om dit gemis te ferwurkjen.

Út Ljouwert komt it drôve nijs fan it ferstjerren fan GERBEN IJEDEMA.

Gerben, berne 13 maaie 1937 te Boalsert, wie yn it doarp Wytmarsum jierrenlang gjin ûnbekende. Wurksum by foarmingsintrum “ Vinea Domini” learde it doarp Gerben kennen as in fleurige, muzikale, kreative tûzenpoat en in belutsen doarpsgenoat. Tegearre mei syn frou Riet stienen sy midden yn de mienskip fan it doarp. Harren bern, Koen en Tjeerd, binne hjir opgroeid. As “Vinea Domini” de doarren slute moat, giet Gerben mei “vervroegd pensioen” en ferhúzet nei ferrin fan tiid mei Riet nei Meppel. Mar Fryslân hat grif net út syn tinzen west, want de lêste jierren wie Ljouwert it wenplak. Op 5 maart is Gerben yn de âldens fan 77 jier ferstoarn. Wy winskje Riet, bern en bernsbern sterkte ta by it ferwurkjen fan it ferlies.

It Kat en Harkenijs slút ik ôf mei de 2e strofe fan it gedicht’ Wetterlân’. It is skreaun troch Tsjits Peanstra en stiet op de Fryske Skriuwerskalinder 2001.

Der kaam in dei, men koe de maitiid rûke,

hiel stadichoan kaam alles út ’e sleur

in griene wâle luts oer fine tûken,

jong wetterplanteguod bruts út de fûken

en klaaide ’t fjild oan yn in frisse kleur.

Graach oant de oare kear,

Janke