Sa’n 25 freonen en freondinnen fan De Koepel kamen op freed 1april yn ‘e kunde mei stabij Liv – sprek út Lieuw – van Lieveren, syn baaske, illustrator Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer en ferhaleferteller Douwe Kootstra.

Mei syn trijen presintearren se it programma ‘Stabij on Tour’. Liv is in entûsiaste Fryske stabij dy’t baas Tjibbe en skriuwer Douwe ynspirearre hat en meitsje it boek ‘Stabij’ en it programma ‘Stabij on Tour’.

Douwe Kootstra behearsket de âlde keunst fan it fertellen fan ferhalen. Hij naam ús mei nei de somtiden hilaryske wrâld wer’t hûn en minsk tegearre yn oplûke. Tjibbe Hooghiemstra fertelde ús oer de hûn yn ‘e keunst, mei foarbylden oer de teckel yn skilderijen fan Picasso en David Hockney.

Nei it skoft war Liv derby helle en fertelde baas Tjibbe hoe it him slagge is om sa’n beweechlik model dochs op it papier te krijen. Oan it wurk dat hy dizze jûn sjen liet en yn it boek ‘Stabij’ wie te sjen dat hy der poerbêst yn slagge is.