Bauke Scheffer

Yn in ôflevering fan ’40 jier ferlyn’ koene jimme lêze dat op 2 juny 1967 Bauke Scheffer om it libben kaam by in ûngemak op de Lauwersee. Mar wa wie no eins dizze Bauke Scheffer? It ienichste wat ik persoanlik fan him wist wie dat hij in poerbêste keatser wie en de heit is fan Simone Scheffer, dy’t wy sawat deistich oan it wurk sjen kinne by Omrop Fryslân televyzje.

Op 8 juny 1938 waard Bauke berne as soan fan Wibe Scheffer en Ieme van der Eems. Wat opfalt is dat yn ferskate keatsboeken Bauke syn namme mei ‘ou’ skreaun wurdt, wilens offisjeel it dochs mei ‘au’ moat.

Al rillegau die bliken dat Bauke in grut talint wie wat keatsen oanbelanget. Hy fertsjintwurdige Wytmarsum dan ek by ferskate keatswedstriden. It jier 1955 wie in tige suksesfol jier foar it Wytmarsumer keatsen. Sa die it Wytmarsumer partoer, besteande út Hilbrand Postma, Rommert van der Meer en Bauke Scheffer, 18 kear mei oan wedstriden.

Dit trio wist dêrfan 14 kear mei de krânse thús te kommen, wilens der ek noch ien kear in tredde priis helle waard. It ferhaal wol dat der in weddenskip wie dat as dit partoer 6 kear de earste priis helje soe, der in optocht troch Wytmarsum plak fine soe. Sa sein en sa waard ek dien, want doe’t it trijetal foar de 6de kear mei de krânse thús kaam gong it yn optocht troch it doarp.. Ek Huite Zijlstra waard yn dizze optocht belutsen omdat hy just earste klasser wurde wie.

By Hofstra gong men noch efkes op de foto, mei begelieder (heit) Wibe Scheffer (beskieden op de eftergrûn). Foaroan it Wytmarsummer jongespartoer besteande út Hilbrand Postma, Bauke Scheffer en Rommert van der Meer. Steand f.l.n.r. Huite Zijlstra, Broer de Jong, Jelle Haanstra, Lyckle Bootsma, Roel Ewouds, Sibren Tolsma en Wilhelm Reitsma.

Bauke boaske mei Margaretha Maria Flapper en hja setten har yn Metselawier te wenjen. Bauke hie syn wurk as skipper en farde û.o. mei opsichters lâns de wurken op en rûnom de Lauwersmar. Yn syn frije tiid wie hy ek warber op it mêd fan sport, want hy wurdt neamt as ien fan de oprjochters fan de fuotbalklup yn Metselawier.

Sy krigen twa bern; de al earder neamde dochter Simone en soan Bauke. Bauke sr. hat lykwols syn soan nea sjoen, want foardat dizze berne waard ferûngelokke Bauke tidens syn wurk op de Lauwersmar op 2 juny 1967. Sa kaam fiersto betiid in ein oan in jong libben.