Sytze Abel Kooistra

Sytze Abel Kooistra (1881 – 1947; Wytmarsum) yn ‘e omgong Sytze Abeles neamd, waard as boeresoan yn Wytmarsum berne en hat dêr altiten wenne. As lytse jonge learde hy it keatsen yn in hartekamp. Bytiden keatste hy dêr de hiele snein, wêrby gauris itenstiid fergetten waard Letter soe hy útgroeie ta ien Fan de foarnaamste keatsers yn ‘e begjinjierren fan it Keatsbûn. Kooistra stie bekend as opslagger en foaral fanwege syn fiere en hege ballen efteryn it perk. Hy stelde mannich keatser foar swierrichheden en ûnderskate fan harren hawwe hun skouder ferslein. As it moast stie hy as útslagger syn mantsje ek. As PC-winner en as Bûnswinner kaam hy seis kear mei de krânse om thús. Ek op ynternasjonale wedstriden kaam hy regelmjittigens út mei as hichtepunt de Wedstriid op 31 july 1903 yn Frjentsjer. Yn in spektakulêre wedstriid op it Sjûkelân foar útsinnige entûsjaste taskôgers ferlear Fryslân ‘e finale fan België mei alles oan ‘e hang. Kooistra wûn neist prizen ek by ’t soad earetekens. Ea krige hy in medalje foar de bêste opslagger. Fan de achtenfyftich ballen dy ’t hy opsloeg dy dei foel der mar ien bûten it perk. Kooistra wie in foarfjochter fan it âlde keatsspul mei in soad frijheid en wie gjin bewûnderer fan it keatsen troch de lettere generaasje Kooistra waard Kening op de PC yn: 1906, 1907 en 1911. Totaal hat er 14 kear meidien oan de PC.

Bron: PC Franeker