Yn 1965 is der een doarpsfilm makke oer Wytmarsum. Die is no ûndertitele mei help fan âlde en net sa âlde Wytmarsumers. De premjêre op 18 desimber wie in grut sukses. Foar dejinge dy’t der net mear by koene is der in twadde foarstelling op tiisdei 4 febrewaris om 19.30 oere yn ‘e Ontmoeting fan Aylva State. Opjaan kin fia goedlud@gmail.nl

It idee wie der al wat langer, mar dan moatte jo de ko fansels wol bij de hoarnen krije fansels om it út te fieren. En dat ha wy dien! It idee wie om de doarpsfilm fan Wytmarsum út 1965 te ûndertiteljen, sadat in elk no en yn de takomst sjen kin wa’t allegear yn de film foarkomme. Want wy wienen bang dat oer in tal jierren der amper mear immen te finen is dy’t noch wit wa’t allegear yn de film foarkomme.

Wy betochten dat it handich wêze soe om in tal middeis te organisearjen mei ynwenners út it doarp dy’t hjir sawat harren hiele libben al wenne ha. Sa sein en ek sa dien. Wy fregen Grietje van de Witte, Melle van de Witte, Geartsje Verhoeve, Siebe Grypma, Pietsie Poortstra, Adrie de Vries en Evert Zwier om mei te wurkjen. It waarden tige slagge middeis, dy’t njonken de measte nammen ek in protte ferhalen opleveren.

De ûndertiteling is no klear en fansels wolle wy dat graach mei elkenien yn it doarp diele. Om dy reden ha wy in filmjûn organisearre op woansdei 18 desimber 2024 yn de Ontmoeting (yn Aylva State). De tagong is fergees.

It programma:
19.00 oere: Seal iepen
19.30 oere: Iepening
19.35 oere: ‘Witmarsum; een reis langs alledaagse sporen’ troch Jack de Vries (De Tiid)
19.55 oere:  Hoe waarden doarpsfilms makke?  troch Henk Penninga (sineast)
20.15 oere: In skoftke skoft
20.30 oere: Doarpsfilm Wytmarsum 1965 mei ûndertiteling

Jimme bin allegear fan herte útnûge foar dizze jûn,mar meld jimme wol oan, want fol = fol.Dit kin fia goedlud@gmail.com; Jim krije dan in befestiging.

Oant woansdei 4 febrewaris 2025!

Gerke Terpstra & Wim Beckers