De âld Wytmarsumer Frank Leyendekker brocht it Frysk hynder nei Amearika en foarkaam sa in swart senario. Dertroch wie hy miskien wol de man dy’t it Frysk hynder rêden hat. Frank Leyendekker soarge der yn 1977 foar dat hynders foar it earst mei it fleantúch de oseaan oerstutsen.
It wie in revolúsjonêre stap, essinsjeel foar de takomst fan it Frysk hynder. It Koninklijk Friesch Paarden-Stamboek (KFPS), de organisaasje achter de jierlikse hynstekeuring yn Ljouwert, earde Leyendekker dit jier op de show Royal Friesian Live. Syn soan Gerben komt mei frou en bern spesjaal oer út Amearika om dizze wike de by te wenjen. Sybrand Grasdijk fan Omrop Fryslân hat neifolgjend artikel oer Leyendekker skreaun.
Dream ûntstiet by hynsteshow
Frank Leyendekker (1928-2022) groeit op yn Wytmarsum, tusken de Fryske hynders en op it suvelfabryk fan syn heit. Op syn achttjinde, yn 1948, ferhuzet er nei Amearika. “Dêr seach ik op in sjow in fjouwerspan hynders”, fertelde er letter. “It idee hoe’t dat derút sjen soe mei Fryske hynders hat my nea loslitten.” Op dat stuit kin Ley-endekker syn idee noch net ferwêzentlikje: dêr hat er it jild net foar. De bân mei Fryslân bliuwt sterk, ûnder oare fia syn broer Sikke. As Leyendekker yn 1976 op besite giet by syn broer, hat er yntusken mear finansjele mooglikheden troch de erfenis fan syn âlden.

Frank Leyendekker en syn Fryske hynders
Fan útstjerren rêden
“Mei dat jild woe ik Fryske hynders keapje en se nei Amearika ta bringe”, fertelt Leyendekker yn syn memoires. “Myn broer sei dat ik better earst prate koe mei Lammert Huijing, sekretaris fan it KFPS.” “Huijing fertelde my dat it KFPS in ‘sinkend skip’ wie. It ledetal rûn werom yn Nederlân en in soad hynsten foldienen net. It ras fan it Fryske hynder wie oan it útstjerren troch in gebrek oan jild en ynteresse.” Leyendekker fertelt Huijing dat hy wol in idee hat hoe’t 14er de situaasje feroarje kin. Hy seit dat er fan doel is om Fryske hynders nei Amearika te bringen.Koart dêrnei keapet Leyendekker trije Fryske hynders: ien hynst (Laes) en twa merjes (Linie e Lycheltje). Sikke ûntfermet him oer de hynders, Frank Leyendekker sels tinkt nei oer in wize om se nei Amearika te ferfieren.Yn dy tiid is oer see de iennige wize om hynders de oseaan oer te krijen. Dat duorre yn guon gefallen fiif wiken.“Ik frege KLM en Lufthansa oft se de hynders troch de loft ferfiere koenen. Lufthansa seach it wol sitten, mar op dat stuit wienen se der noch net klear foar.” It iepene de doarren foar hynstetransport oer de wrâld.

Fryske hynders wurde ynlaat yn in fleantúch fan Lufthansa
Frank Leyendekker yn syn memoires
Njoggen moannen lang wurkje Leyendekker, broer Sikke en Lufthansa oan in plan: se ûntwerpe en bouwe in spesjaal krat, basearre op de ôfmjittingen fan de hynders.Yn 1977 fljocht de earste groep Fryske hynders fan Schiphol nei Amearika. Twa jier letter ferfiert Lufthansa trije merjes nei Amearika. “Dy twa frachten wienen de basis fan myn fokkerij. It iepene de doarren foar hynstetransport oer de wrâld.”
Amearikanen sljocht fan Frysk hynder
Leyendekker fernimt dat se yn Amearika sljocht binne fan de Fryske hynders. “Mar ik woe ek dat it ras puer bleau. Dêrom gong ik yn 1982 wer nei Fryslân ta om mei Huijing te praten. ”Hy freget oft de sjuerys fan it KFPS nei Amearika komme kinne om de Fryske hynders te sjurearjen. “Huijing seach it wol sitten, as ik betelle foar de fleantickets fan de sjueryleden.” Yn 1984 is it safier: yn Pomona (Kalifornië) is de earste sjurearing fan Fryske hynders yn Amearika. It is op presys itselde plak dêr’t Leyendekker yn 1950 op it idee kaam om Fryske hynders nei Amearika te bringen.

De Fryske hynders fan Leyendekker op de Rose Parade.
Freark Smink as Frank Leyendekker
Mar it ferhaal is dan noch net klear: datselde jier noch wurdt de Friesian Horse Association of North America oprjochte. Mei syn Fryske hynders rydt Leyendekker in hiel soad shows yn Amearika en Kanada. Se binne ek ûnderdiel fan de jierlikse Rose Parade yn Pasadena. 15Yn jannewaris 2022 ferstjert Leyendekker . Hy hat dan 292 Fryske hynders fokt yn Amearika en tsien stamboekhynsten op syn namme stean. Leyendekker syn neilittenskip is grut. Alle wiken fleane hyn ders de hiele wrâld oer. De basis is noch altyd it earste krat foar hynders dat Leyendekker yn de jierren 70 ûntwikkele hat.
Op de showjûn fan it KFPS dit jier, stie de relaasje tusken it Frysk hynder en Noard-Amearika sintraal. Akteur Freark Smink spilet de rol fan Frank Leyendekker as grut ambassadeur foar it Frysk hynder yn Amearika.
Boarnen
Tekst: Sybrand Grasdijk, Omrop Fryslân
Foto’s: Famylje Leyendekker