Timmerman Jan Bouma en de kuierders Klaas Haitsma en Fetse Elgersma nimme ien fan e twa bankjes yn gebrûk dy’t pleatst binne yn it Flietsterbosk. Derneist is de útsjochtoer hersteld dy’t fernield waard. Mar earst it ferhaal oer de bankjes. In skoftsje lyn waard ien fan de bestjoersleden fan it doarpsbelang tiidens in rûntsje troch it Flietsterbosk oansprutsen troch in echtpear op respektabele leeftiid. Al jierrenlang meitsje sy alle wiken, as misskien wol alle dagen, in rûntsje troch it bosk wêrbij se pratende wei genietsje fan alle sjongfûgels dy’t hjir prebearje harren jongen grut te bringen. Mar oan it sloffen fan de skuon troch de skelpen kinne jo fernimme dat it rinnen geandewei in bytsje minder wurd. En wat soe it dan noflik wêze at jo krekt dan efkes jo fuotten rêst jaan kinne foardat jo begjinne oan de folgjende etappe.
Extra bankjes

It sinjaal wie mear as dúdlik en fanút it doarpsbelang waar der kontakt socht mei Natuurmonumenten, mei de fraach om ekstra bankjes te pleatsen yn it bosk op de plakken wêr no noch neat stiet. Wêr de natuerwaarden foar ús as organisaasje foarop stean fine wy it ek belangryk dat minsken genietsje kinne fan de moaie gebieden dy’t ús provinsje te bieden hat. Dat betsjut rêst wêr it moat en rekreaasje wêr it kin. Fandêrdat wy yn dit gefal ek beslúten ha mei te wurkjen oan dit moaie ynisjatief fan it doarp.
Mei finansjele stipe fan sawol it doarpsbelang as Natuurmonumenten binne de nije bankjes fan ynlans healwei july troch ús frijwilligers pleatst yngearwurking mei it leanbedriuw. Moai optiid foar de fakânsjessadat eltsenien dêr de kommende tiid, en wy hoopje fansels de kommende jierren, fan genietsje kin.
Utsjochtoer Filenssicht hersteld

Al sûnt de tiid dat in ploechje frijwilligers eartiids de útsjochtoer ‘Filenssicht’ delsetten hat kinne jo fanôf de râne fan it bosk genietsje fan in wiids útsicht oer de Filenspolder, wêr it mei namme yn it foarjier optilt fan de greidefûgels. In skitterend plakje dus! Spitigernôch is de útsjochtoer in oantal wiken lyn fernield wêrtroch dizze in skoftke net mear brûkber wie. Ûndertusken hat ien fan ús frijwilligers tegearre mei in lokale timmerman de toer gelokkich wer opknapt wêrtroch jimme ek dêr wer noflik sitte kinne. Hjir binne wy, lykas jimme, natuerlik tige wiis mei en wy hoopje dan ek dat de toer sa werin oantal jierren foarút kin en besparre bliuwt fan fierdere fernielings.
Mochten der fragen wêze as mochten jim tsjin saken yn it Flietsterbosk oanrinne, dan kinne jo dêrfoar altyd terjochte op dit e-mailadres: b.dijkstra@natuurmonumenten.nl
Út namme fan Natuurmonumenten,
Bauke Dijkstra
Boskwachter Natuerbeheer