Op 10 jannewaris fûn yn Museum De Tiid yn Bolsert de iepening plak fan de tentoanstelling ‘Wêr de klaai sjongt’ fan de Wytmarsumer keunster Stefan Belderbos. Yn de boargemasterskeamer hingje manshege foto’s dy’t Belderbos makke hat op de Krim, stikken bou- en greidelân oan ‘e noardkant fan Wytmarsum. Ek is der in fideofilm te sjen
Ynspiraasje
Stefan Belderbos rekke ynspirearje troch de reaksjes fan it publyk op syn teaterstik ‘Kerk van klei’ dat yn 2019 fjouwer kear opfierd waar yn ‘e Wytmarsumer Koepeltsjerke. De besykers koene oanjaan wat de klaai en it lânskip foar harren betsjut. Neffens Belderbos die derút bliken dat men in djippe bân hat mei it lânskip. Mar ek dat men soarch hat oer de takomst. Sa is it immeroan stiller yn ‘e greiden. Der binne hast gjin fûgels mear te hearen.
Fideo
Neist de foto’s hat Belderbos ek in fideofilm makke. Deryn is in tsjerke fan klaai te sjen dy’t hy delsetten hat op in stuk bou en folstopt hat mei sied. We sjuche de ynfloed fan waar en wyn hawwe en hoe’t yn ‘e maitiid it sied ûntkiemd. Foar de tentoanstelling hat Belderbos ek in tsjerke fan klaai en sied delsetten yn ‘e binnentún fan De Tiid.
Tsjerke fan klaai yn’ e binnentún fan De Tiid
De tentoanstelling is te sjen oant en mei 5 maaie. Op 28 maart sil Belderbos in twadde film sjen litte mei live-muzyk troch Martijn Piek.