Op tongersdei 7 desimber hat de redaksje fan ‘e Koepel oan ‘e Arumerdyk in Noorse Esdoorn plante.  De Koepel bestiet dit jier 75 jier. “Wy woenen it doarp wat bliuwends oanbiede”, sei haadredakteur Wim Beckers. “Sa waard it idee berne om in beam te plantsjen, soks yn gearwurking mei de gemeente Súdwest-Fryslan.”

“Wy hawwe it jubileum fiert mei it wer útbringen fan de allerearste Koepel út 1948, mei in Jeugdkoepel makke troch bern fan de beide basisskoallen en mei it útbringen fan in glossy – glimke – Koepel.” Ek is der in geselliche jûn hâlden foar eltsenien dy’t no en yn it ferliene belutsen wêst is by de krante.

Hy helle ek noch oan dat de esdoorn yn ‘e Noardske mythologie in hillige beam is dy’t stiet foar libbenskrêft. De Kelten sjuche de esdoorn as in symboal fan ûnôfhinkelikens. Wim Beckers: “En as muzikant fyn ik it in gerêstellende gedachte dat mocht it dochs ea ferkeard gean, it esdoorn hout poer geskikt is om ynstruminten fan te bouwen. Mar we gean der fan út dat dizze beam noch hiel wat jierren meigean sil as herinnering oan De Koepel.”

Foto’s: Truida Sluiman