GYSBERT JAPICX
Libben
De Fryske Renêssânse-dichter Gysbert Japix waard yn Boalsert berne yn 1603 en is yn syn bertestêd ferstoarn yn 1666 as slachtoffer fan de lêste pestepidemy dy ’t de Lege Lannen teistere hat. Hy kaam fuort út de foarname Boalserter boargerij. Syn heit wie kistemakker, diaken en letter boargemaster fan de stêd. Doe ’t tusken 1614 en 1616 it ferneamde stedhûs boud waard, wie Jacob Gysberts de ûntwerper en útfierder fan it moaie houtsnijwurk yn de
riedseal. Nei de legere skoalle folge jonge Gysbert de Latynske en learde ta skoalmaster. As sadanich waard er yn 1625 te Wytmarsum beneamd, dêr ’t er tsien jier bliuwe soe. Yn 1624 is beskreaun, dat er opnommen is yn de Protestantske tsjerke fan Boalsert, mar dêrnei komt er net earder wer yn ‘e papieren foar as yn 1636, doe ’t Gysbert Japix te Ljouwert boaske mei Sijke Salves. In jier letter giene hja nei Boalsert werom, dêr ’t Gysbert beneamd
wie ta skoalmaster en foarsjonger. Seis bern krigen hja, dy ’t mei útsûndering fan de âldste soan, Salves, allegearre foar de âlden ferstoarn binne. Yn syn persoanlik libben hat Gysbert Japix in protte fertriet te ferwurkjen krige. It skoalmasterjen hie net syn herte – dat lei by de poëzy – en ek syn holle hie er faak mear by syn fersen as by de bern yn syn klasse. “Master is wer gek”, ornearren dy, as Gysbert him meinimme liet troch syn dichterlike ynspiraasje. By syn libben is fan Gysbert Japix allinne it brulloftsfers Friessche Tjerne (1640) printe. Mei syn oar wurk waard it sammele yn de Friesche Rymlerye dy ’t yn 1668 ferskynde en yn de 17e ieu noch twa printingen belibbe, yn 1681 en 1684. Sa ’t yn dy tiid wizânsje wie, wie de “rymlerye” yn trije sjenres ferdield: “ljeafd in bortlycke mingel-deuntjes”, “gemiene æf huwzmanne petear” en it “hymmelsch harp-luwd”.
Yn dat lêste part binne de mear as fyftich Fryske psalmeberimings fan Gysbert Japix gearbrocht, dêr ’t de Boalserter dichter paadsljochtsjend wurk mei dien hat foar it brûken fan it Frysk as religieuze taal. Mar ek foar it útbouwen fan it Frysk as literêre taal kin syn fertsjinste net te heech wurdearre wurde. Net ien foar him hie de taal sa bewurkje en smeie kinnen, dat dy in folslein ynstrumint waard foar utering op it heechste artistike nivo, mar ek
nei him hawwe der – oant yn de tweintichste ieu – net folle dichters west dy ’t Gysbert belykje koene. Hy wie in berchtop yn it fierder frijwat platte lân fan de Fryske literatuer. Under ynfloed fan de Barok waard it taalgebrûk fan Gysbert Japix letter drokker en keunstmjittiger en syn wurk dêrtroch minder tagonklik, mar in grut part fan syn poëzy is noch altyd, foar wa ’t der war muoite foar oer hat, tige lêsber en benammen sjongsum. Syn “Wolkom freugde fan ‘e wrâld” en syn leafdesliet “Wobbelke” wurde no noch geregeldwei ophelle. As literêr keunstner kin Gysbert Japix stean nêst Nederlânske tiidgenoaten as Camphuysen en Revius; as pionier en taalskepper is syn betsjutting like grut foar de Fryske literatuer as dy fan Hooft, Huygens, Vondel en Bredero foar de Nederlânske. Sûnt de 19e ieu doe ’t professor E. Wassenbergh te Frjentsjer op ‘e nij de belangstelling foar de 17e-ieuske dichter geande makke, hat de Gysbert Japix-stúdzje in wichtich plak ynnommen yn de frisistyk. Yn 1821 ferskynde in nije útjefte fan de Friesche Rymlerye besoarge fan E. Epkema, dy ’t dêr ek in wurdboek op gearstalde. Yn de sechstiger jierren fan de 20e ieu is in wittenskiplike tekstedysje mei in kommentaardiel ta stân kommen, wylst oer ferskillende aspekten fan libben en wurk fan Gysbert Japix fiif dissertaasjes skreaun binne. “Sijn greate namme nea ijn uwz gehuwgnis steart”, foarsei M. Lasis yn 1668 oer Gysbert Japix. Oant no ta hat er gelyk krigen.
Wurk
1640 : Friessche Tjerne, ofte bortlijcke rijmlerye, trogh ien, ijnfierd, aad, sljoecht, ien-faadigh huws-man, di on-forsjoens ijn de gear-jefte fen sijn laan-here koom.
1668 : Friesche rymlerye; yn trye delen forschaet: d’ eerste binne ljeafd in bortlycke mingel-deuntjes: ’t oorde sinte gemiene æf huwzmanne petear, in ore katerye: ’t efterste iz hymmelsch harp-luwd. Dat iz to sizzen, ytlycke fen Davids psalmen. (2e pr., 1681, 2e pr. 1684, 3e pr., 1821)
1936 : Wirken [I], bisoarge fen J.H. Brouwer, J. Haantjes en P. Sipma. ( 2e pr., 1966)
2003 : Gysbert Japix : een keuze uit zijn werk (taljoching fan Phillipus Breuker, oersetting Douwe A. Tamminga en Atze Bosch nei it Nederlânsk en Klaas Bruinsma en Jan Popkema nei it Frysk).
2003 : Freugde fan ‘e wrâld : de lieten fan Gysbert Japix op ‘e âlde wizen foar sjongstim, meldij- en akkoardynstrumint (bewurke troch Bernard Smilde).
Oer Gysbert Japix en syn wurk
1824 : E. Epkema, Woordenboek op de gedichten en verdere geschriften van Gysbert Japicx. Leeuwarden.
1824 : Hulde aan Gsbert Japiks bewezen in de Sint Martini Kerk te Bolsward, op den 7 Jul 1823. Ed. J.H. Halbertsma. Bolsward.
1827 : Hulde aan Gysbert Japiks door J. Hiddes Halbertsma. Tweede stuk. Leeuwarden.
1929 : J. Haantjes, Gysbert Japicx, Fries dichter in de zeventiende eeuw. diss. Utrecht. Amsterdam.
1936 : W.L. Brandsma, Het werkwoord bij Gysbert Japicx. diss. Groningen. Assen.
1938 : D. Kalma, Gysbert Japiks, in stúdzje yn dichterskip. diss. Groningen. Dokkum.
1943 : C. Kramer, Gysbert Japicx as oersetter en biwirker. Assen.
1946 : E.B. Folkertsma, De Christen Gysbert Japiks. Snits.
1956 : J. Jansen, Gysbert Japicx’ Lieten. Drachten.
1956 : J.J. Kalma, Bibliografy Gysbert Japiks. Ljouwert.
1966 : Skriuwers yn byld 1: Gysbert Japicx 1603-1666. printeboek. Amsterdam.
1974 : A. Feitsma, De autografemen in het werk van Gysbert Japicx. diss. Amsterdam. Ljouwert.
1989 : Ph.H. Breuker, It wurk fan Gysbert Japix. diss. Amsterdam. Ljouwert.
(mei tank oan Tresoar)