It Bern
Tegearre rinne sy it paad op nei it tsjerkhôf. Sy pakt him by de hân, yn de oare hân hat sy blommen. In mei soarch útsocht boskje. Net te grut, dat past net. De rêch, fan harren beide, is in bytsje rûngear en it is te sjen dat de lêst fan it tinken swier te dragen is. In blomke bringe op it grêf fan harren bern.
Troch de beammen om it hôf binne hja út it sicht fan de libbene wrâld. Efkes tegearre mei harren bern. Gjin freegjende eagen, gjin minsken dy’t freegje oft it fertriet no noch net oer is. Ûnbegryplik! Hjir kinne hja beide de triennen de frije loop litte. Triennen dy’t opsparre wurde oant de dei dat hja wer nei it grêf geane. Nea hoecht de iene it tsjin de oare te sizzen. Beide witte hja wannear ’t it wer tiid is. Dan hawwe hja beide wer de langst nei it stilstean by it grêf en it tinken oan de moaie tiid. Dat giet lokkich nea oer.
As sy by de stien steane geane de tinzen wer werom. Sy sizze neat. Steane dêr allinnich mar en beide hawwe op dat stuit harren eigen tinzen, sa ’t alle âlden dy’t in bern ferlieze harren tinzen hawwe. Hoe koe it sa hommels, of wat wie it in seine. De tinzen geane werom nei it plak, deun by hûs, de strjitte op it fakânsje-adres of it wite sikehûsbêd. Nea sil it feroarje. De ûnmacht fan it ferliezen fan datjinge dat sy tegearre hienen. It bern dat harren sa leaf wie. Hoe ûndogensk hie it wol net west en tagelyk hoe leaf.
Altyd binne it deselde tinzen dy’t lâns komme en dy’t net út harren hollen te baarnen binne. Harren bern. Lyts noch en ôfhinklik fan de soarch fan de âlden of sels al âlder en de soarch foar eigen bern dy’t no út hannen jûn wurde moast. It bern bliuwt it bern oft it no twa, tsien of fjirtich is. It bern kin net mist wurde.
Dêrom steane sy dêr tegearre oan it grêf by de stien. De blommen wurde hoeden skikt yn de faas. In inkeld stikje túch wurdt fuorthelle en de spin dy’t har web makke hie, krekt oer de namme, moat efkes ferhúzje.
Hoe lang steane sy dêr. It is sa dreech om wer los te kommen. It bern wer allinnich te litten.
Al tsien jier, al tweintich jier of noch mar in moanne lyn. Nea is it út harren tinzen, mar sa bliid binne hja mei dit plakje wêr’t sy komme kinne. Dit stientsje, dizze stien, dizze oarde fan rêst, it is ûnmisber. Tegearre rinne sy it paad del, de gewoane wrâld wer yn.
Hy pakt har by de hân. It blomkepapier hat sy opteart en yn it taske dien.
It libben ropt…
Syt Hijlkema – de Vries