Do bist no al fiif-en-sechstich jier

foar dyn doarp Wytmarsum yn it spier

dêr meie wy wol even stil by stean

foardat jim noch 35 jier fierder gean

De basis is ien stik frijwillichheid

foar de skiednis, de mienskip en eigenheid

in grut komplimint oan jim allegearre

dat meie jim dan ek wolris hearre

Jim binne de útlaatklep fan wat der libbet

fan eltse feriening dy’t nei oandacht stribbet

fan aksjes, plannen en al mar nije winsken

mar ek fan nijberne en ferstoarne minsken

Foar ús as bûtenfolk binne jim in boarne

fan de Grauwe Kat oant Kievitshoarne

sa hâlde wy noch wat bining mei ús ferline

gean moai sa troch, jim meie net ferdwine

Wy meitsje hjoed fiif-en-sechstich euro oer

dat ha wy as bydrage 2013 der wol foar oer

want 65 jier lyn binne wy yn Wytmarsum troud

en dat hat ús oant no ta noch gjin dei beroud

Doekle en Tjitske Yntema-Reitsma

 

65 jier abonnee yn Grou