Der wie in âlderwetske lotterij
bij de útfiering fan Surprise
De lotsjes fleagen sa mar fuort
want der wienen moaie prizen,
Sa wie der ek in tegoedbon
om jins neiltsjes ris kreas te dwaan
In prachtich kado fansels
om bygelyks oan jins leafste te jaan.
En wa wie de winner fan dit moaie kado
Jawis, ús one and only Menno!
Menno de Vries tocht bij himsels:
“Dit is krekt wat foare myn Jelliena?
Sa’ n geweldige priis! Moaier is der net
tusken Kamperdyk en Sina!”
Mar de jûns hie Menno de hannen fol
en dus liet er de priis bij Pel lizze
“Och dan nim ik him moarn wol mei.”
hearde ik him net echt sizzen…….
Mar de oare deis wie der wer in lotterij
en wer mei in hiel moai kado
Sa’ n selde bon foar de neiltsjes
en wa wûn dy? Just opnij Menno!
Dat is klasse tocht Menno noch:
Ien foar myn dochter en ien foar de frou
Mar hij hie it noch net tocht
En wat barde dêr doe no?!
“ Menno hoecht dizze priis net, dus
Wij ferlotsje him mar wer opnij!”
sei de sprekstâlmasteres kordaat.
En Menno tocht: “Dizze priis wie dochs foar mij!
Mar in nij lotsje waard lutsen
en immen oars wie no hartstikke bliid.
Ik doar te wedzjen dat syn leafste
wol mei de bon nei Mary giet.
Menno stie mei de mûle fol tosken:
“Dit is eins fansels fan de sotte!
Win ik ris in priiske en dan wurdt y
trije kear ferlotte!!!”
Ja Menno, miskien mei de Stikel ien dinkje sizze:
Lit nearne samar in priis lizze!
Want it is en bliuwt in lot
En dy binne soms samar fuort