elke van der Valle en Jaike Brandsma,
mekoars buorlju yn de Easterstrjitte,
gean hast alle dagen efkes swimmen
sa moatte jimme witte.
En nei’t se it bad út binne
en ûnder de brûs west ha
rinne se foar in bakje kofje
efkes nei Adri of Joke ta.
Mar op dyselde tiid swimme dêr
(fan de kamping) Ria, Rietje en Marjan
No en ik kin jimme fertelle,
dat trijespan kin der wat fan!!
Sa wie okkerdeis in groepke froulju
nei it swimmen ûnderweis nei hûs
mar doe hearden se ynienen
allegear lawaai fan ûnder de brûs
No dan binne jo net nijsgjirrich
mar moatte dêr al efkes hinne gean
en sa seagen se Ria, Rietje, Marjan en Jelke
ûnder de brûzen stean.
Mar wat die bliken?
Rietje makke Jelke syn rêch skjin
“Ho ris even” sei ien fan de froulju doe,
“dit is fansels noch mar it begjin!”
En dus rôp iderien,
dy’t dit tafrieltsje seach, yn koar:
“Wa immen syn efterkant docht,
docht dat fansels ek fan foar!!”
Fan it al goeie wie dit krekt tefolle
en Jelke krige in kreeft reade holle
“Oeps!” seach men him tinken
“Wat moat ik no dwaan??!!”
Hy seach mar ien útwei
en dat wie him stiltsjes ôf te jaan.
Want tsjin al dat froulik geweld
koe sels Jelke net opbokse
Hij wist wier neat te sizzen
en stie mei de mûle fol tosken.
Mar Jelke, lûk dij der neat fan oan
want hoe’tst it ek besjochst: fan efteren as fan foar,
alle manlju binne jaloersk op dy
want do hast it mar goed foar mekoar!