It is in lytse skiere wrâld as ik 12 febrewaris middeis ûnderweis bin nei Frjentsjer. It doel is de famylje Hidma, dy har noflik ûnderkommen oan ‘e râne fan de stêd ha. De ôfspraak is mei Pier Hidma.. Werom no krekt mei dizze man?

Jierren lyn haw ik foar myn stúdzje Frysk hiel wat âlde Koepels troch lêzen. Sa út en troch kaam de namme fan Pier Hidma foarby. Gedichten fan syn hân. Dat hat my nijsgjirrich makke. Ut de teksten spruts leafde foar syn bertedoarp en it meilibjen mei har bewenners.

Under it genot fan in kopke tee reitsje wy oan’e praat Pier is berne yn 1927 en is as ienichst bern yn de húshâlding fan bakker Hidma grut wurden. Oan de Arumerwei 11, yn it hús dêr’t no Pyt van Dyk mei syn frou wennet, hiene hja de bakkerij. Heit wie achter, bakte en soarge dat der wat te ferhanneljen wie, mem stie yn’e winkel. Yn dy tiid hiene wy yn’t doarp sa’n stik as sân bakkers, dat konkurrinsje wie der wol.

De iepenbiere legere skoalle en letter de Mulo besiket er yn ús eigen doarp. Master de Vries is haad fan alle twa de skoallen en soarget der foar dat Pier mei in poer bêste ûndergrûn fierder bouwe kin oan syn takomst..(De Meester de Vriesstrjitte is nei dizze betûfte, strange mar rjochtfeardich learkrêft neamd.)

Fan 1944-1946 sit er op de R.H.B.S te Harns. Hy kriget de kâns om fierder te learen yn Rotterdam oan wat doe Nederlandse Economische Hogeschool wie ( letter de Erasmusuniversiteit). Dit op oanstean fan de learkrêften út Harns. En sa ferhuzet de doarpsjonge nei de grutte stêd. Yn dy tiid wie er al foarsitter fan de Fryske krite by ús yn’t doarp. De Fryske taal en it Frysk eigen hie doe al in waarm plakje by him ynnaam. En sa ûntsteane op in souderkeamer yn Rotterdam, de teksten en meastentiids ek de muzyk foar de revu’s. Op myn fraach as soks ûntstien is út ûnwennigens, is it antwurd ûntkennend. It wie mear de taal sels dy de ynspiraasje joech. Ek Roel Bergsma, skoalmaster, is oandrager fan lietsjes. Op de moandei te moarn fan de merke is der matinee. Grut is de belangstelling, ek út de omkriten. As wy oan dit part fan ús petear ta binne, komme de plakboeken op’e tafel. De eagen fan Hidma glinsterje en ik moat laitsje as er stikjes foarlêst fan minsken dy ek ik wol kinnen ha. Werkenber sa’t se op dizze middei, yn de gedichten, noch efkes by ús lâns komme.

Meile de Groot dy doetiids mei Sybren Tolsma, Auke Kooistra, Wilhelm Reitsma en Watse de Vries yn it P.C .bestjoer siet , wie faak tsjinspiler yn de sketskes. Mei Jelly Anema, dochter fan de hynsteslachter, song er de stjerren fan’e loft. De ferskes dy’t by de matinees songen waarden, krigen soms in ferfolch.Yn dy tiid wie men wend ienris yn it jier mei “de ouden van dagen” der op út te gean. Jûns nei dat se troch it korps ynhelle wiene en nei sieten yn it kafee, stiene Jelly en Pier op’e planken en songen it repertoire út’e revú. De âlderein kaam faak net by it matinee. Jild dat foar de yntree nedich wie, koe men wol better brûke. De measten hiene it net sa rom.

Yn 1956 is it 70-jierrich jubileum fan keatsferiening Pim Mulier. Meile de Groot, Sybren Tolsma, Wilhelm Reitsma, Pieter Lemstra en Broer de Jong binne dan de bestjoersleden. Trije nammen deselde as fan it P.C. bestjoer. Dûbele funksjes.Yn dy tiid koe dat blykber noch. Grut feest is it wurden. Ald-ynwenners wolle jild ynsammelje om gouden horloazjes beskikber te stellen as earste priis by it haadklasse keatsen. De kommisje dy ‘t it foartou nimt ta dy aksje bestiet út Tsjerk van Gosliga-Spijkenisse, Johannes Werkhoven-Huizen, Lamkje Werkhoven-Oranjewâld, Pieter Straatsma-Seist en Pier Hidma-Utert. Allegearre âld-Wytmarsumers. Hja dogge de oproppen om de jildmeter te stypjen, dy’t yn de Koepel byhâlden wurdt. Jierrenlang ha de priiswinners by de haadklasse keatspartij gouden klokjes krigen. Letter binne dat pennings wurden, oanbean troch it Haye Rypma fûns. Jim hawwe wol yn’e gaten om praat sitte wy net ferlegen. Hidma soe mei syn ferhalen en gedichten in boek folle kinne. Mar ús romte is beheind. Ek de funksjes yn it wurksum libben en de frije tiid binne suver te folle om op te neamen. Nei it ôfstudearjen hat Hidma bûten en yn Fryslân oan it wurk west. De lêste jierren foar dat er gebrûk makke hat fan de V.U.T.regeling, hat er ekonomysk- en letter direkteur algemiene saken fan it P.Z. te Frjentsjer west (1960-1972). Hy hat it mei nocht dien. Wêr ik him as bern ek noch fan kin, is as skiedsrjochter by de grutte keatspartijen. Meastentiids in wite pet op tsjin de felle sinne .Mar as er yn it jier fan de frijwilligers in lintsje kriget, wit elk ek dat der dan noch ferskate nevenfunksjes mear west ha. Stil sitte en neat dwaan dêr sil men dizze man net gau op betraapje kinne. Hjoed-de-dei stiet er noch fol yn’t libben mei in ferskaat oan funksjes.

As ik de doar út stap op wei nei de auto sjongt earne ticht by in klyster en it is krekt febrewaris. De mist is oplutsen en ik sjoch werom op in pear gastfrije oerkes. Mei tank oan Hidma en de Frou.

Janke Zijlstra.